---
title: "Foarsis ûngelokken mei big data"
description: "VIA giet in gearwurking oan mei JADS"
date: 2018-06-12
type: news
authors: ["Giedo Donkers"]
canonical: https://www.via.nl/nld/fy/artikels/foarsis-ungelokken-mei-big-data
---

# Foarsis ûngelokken mei big data

> VIA giet in gearwurking oan mei JADS

By VIA wurkje wy alle dagen mei data: fan rydsnelheden en fan ûngelokken. Oan de hân fan big data bringe wy de ferkearssituaasje fan bûten nei binnen op jo skerm. Wy daagje ússels elke dei út om dêrby ynnovatyf dwaande te wêzen. Dêrom dogge wy sûnt koart mei oan it MKB Data Lab fan it platfoarm Driven by data. Dêrwei wurkje wy gear mei de Jheronimus Academy of Data Science (JADS). Tegearre sjogge wy oft wy nije ynsjoggen skeppe kinne yn de risikoprofilen om sa de ferkearsfeiligens te fergrutsjen. En wa wit kinne wy úteinlik sels ûngelokken foarsizze.

### JADS
[JADS](https://www.jads.nl) is in gearwurking tusken de Universiteit van Tilburg en de TU Eindhoven en rjochtet him folslein op big data. Sa'n 6 wiken lang sil Sjoerd Broos, studint oan de JADS, mei ús meirinne. Tegearre mei him sille wy de data analysearje en falidearje. Wy ûndersykje oft wy in soarte fan DNA fan in ûngelokkeset ôfliede kinne dy't in goed risikobyld jout. Wy dogge dat oan de hân fan in histoaryske analyze fan de data, mei as úteinlik doel om proaktyf de ferkearsfeiligens te ferbetterjen.

### Platfoarm Driven by data
[Driven by data](https://platformdrivenbydata.nl)
It platfoarm is in inisjatyf fan de Rabobank, VNO-NCW Brabant Zeeland, Bossche Investerings Maatschappij, JADS, gemeente ’s-Hertogenbosch en it ministearje fan Economische Zaken en Klimaat. It platfoarm helpt Bosske ûndernimmers yn it MKB Data Lab te groeien troch tûke datatapassingen. Yn it DataLab wurdt sjoen wêr't de ûndernimmingskânsen lizze en hokker data beskikber is. Dêrnei krije ûndernimmers tagong ta data-ekspertize en geane studinten mei in spesifyk fraachstik oan 'e slach. It platfoarm wol dit model úteinlik lanlik tapasse.

### Resultaten
As it ûndersyk klear is én der brûkbere resultaten fûn binne, dan sille dy yn de software foar elke brûker beskikber komme. Fansels hâlde wy jo dêrfan op 'e hichte. Tidens de [Vakbeurs Mobiliteit](https://www.vakbeursmobiliteit.nl) (28 en 29 novimber) presintearje wy de resultaten.
