---
title: "Goed op wei mei STAR"
description: "Yn 2020 in database mei 200.000 registrearre ûngelokken. Dêr wurket STAR op it stuit hurd oan. Hoe stiet it der no foar? In koarte update."
date: 2018-03-01
type: news
authors: ["Giedo Donkers"]
canonical: https://www.via.nl/nld/fy/artikels/goed-op-wei-mei-star
---

# Goed op wei mei STAR

> Yn 2020 in database mei 200.000 registrearre ûngelokken. Dêr wurket STAR op it stuit hurd oan. Hoe stiet it der no foar? In koarte update.

De kwaliteit fan de registraasje fan ferkearsûngelokken is de ôfrûne jierren sterk yn beweging. It tal en de kwaliteit fan de registraasjes namen drastysk ôf. STAR is lykwols fan betinken dat der sûnder mjitgegevens gjin belied makke wurde kin. Se stelde har dêrom ta doel yn 2020 te beskikken oer 200.000 registrearre ferkearsûngelokken, mét detaillearre ynformaasje, sadat de registraasje wer op itselde nivo is as yn 2000. Hoe stiet de registraasje fan ûngelokken der no foar? Yn dit artikel in koarte update oer de hjoeddeiske stân fan saken en in blik op de takomst.

Hoe wol STAR de ûngelokkenregistraasje ferbetterje? Der binne twa parallelle ûntwikkelings yn gong set dy’t inoar úteinlik fersterkje sille. Yn it foarste plak krige de ûngelokkenregistraasje binnen de plysje in nije ympuls mei de ynfiering fan KenmerkenMeldingenPlus yn 2013. Yn it twadde plak waard yn 2016 de app MobielSchadeMelden troch de fersekerders lansearre, in wichtige skeakel yn it kompleet meitsjen fan de ûngelokkendatabase.

### Stân fan saken
**STAR Database flink ferbettere**
De STAR Database wurdt gearsteld op basis fan de ûngelokkenregistraasje troch de plysje. Foar in betroubere database wie it dêrom needsaaklik de registraasje fan de ûngelokken troch de plysje te optimalisearjen. Dat is de reden dat KenmerkenMeldingenPlus yntrodusearre waard. In aparte funksje as oanfolling op it besteande registraasjesysteem fan de plysje (de BVH) wêrmei’t alle ûngelokkenrapportaazjes digitaal útlevere wurde.

De BVH is in bewurklik systeem, wêrtroch’t yn de earste jierren net fan alle ûngelokken de data kompleet wie. STAR ûntwikkele dêrom tegearre mei de plysje in digitaal systeem om feedback jaan te kinnen op de registraasjes oan ferskate ienheden, distrikten en basisteams. De kwaliteit fan de registraasjes lit sûnttiid dúdlik in stigende line sjen.  It totale tal registraasjes yn 2017 dat oan de stelde kwaliteitseasken foldocht, is yntusken stegen ta 89%. Dêrneist is it yn 2017 slagge om fan 75% fan alle ûngelokken de krekte lokaasje te bepalen. STAR is dêr tige bliid mei: it bepalen fan de krekte lokaasje fan in ûngelok wie altyd in grut probleem. De BVH wurket nammentlik net mei in GIS-kaart, wêrtroch’t it foar aginten tige dreech wie de lokaasje fan it ûngelok dúdlik fêst te lizzen.

### Ûngelokkenkaart 2017
De sifers fan 2017 binne hast klear. Oan ’e hân fan twa dynamyske kaarten jouwe wy alfêst ynsjoch yn de sifers fan 2017. In folle kaart mei in protte ûngelokken. De grutte stêden en it haadwegennet binne dúdlik te werkennen. Dat komt fansels ek troch de ferbettering fan de lokaasjebepaling fan de ûngelokken.

<figure class="image is-16by9">
  <iframe class="has-ratio" src="https://player.vimeo.com/video/258041784" frameborder="0" webkitallowfullscreen mozallowfullscreen allowfullscreen></iframe>
</figure><sub>Kaart 1: Dynamyske ûngelokkenkaart dêr’t yn stappen fan in wike it tal ûngelokken mei ferwûnen en/of deaden yn 2017 op ôfbylde wurdt.</sub>

<figure class="image is-16by9">
  <iframe class="has-ratio" src="https://player.vimeo.com/video/257979459" frameborder="0" webkitallowfullscreen mozallowfullscreen allowfullscreen></iframe>
</figure><sub>Kaart 2: Dynamyske ûngelokkenkaart dêr’t yn stappen fan in wike it totale tal ûngelokken yn 2017 - útsplitst nei ûngelokken mei deaden, ferwûnen en blikskea - op ôfbylde wurdt.</sub>

### Nije gegevens mei de MobielSchadeMelden
De app MobielSchadeMelden (MSM) waard 2 jier lyn as STAR-inisjatyf troch it Verbond van Verzekeraars lansearre. Mei dizze app kinne dykbrûkers dy’t by in ûngelok belutsen binne daliks harren skea melde oan harren fersekerder. De gegevens út dizze app wurde op it stuit noch net opnommen yn de ûngelokkendatabase, mar dat sil ynkoarten feroarje.

### 4 jier brûkbere ûngelokkendata
Mei de ôfsluting fan 2017 beskikke wy no oer 4 jier brûkbere ûngelokkendata (2014, 2015, 2016, 2017). Ôfrûne jier binne al ferskate publikaasjes ferskynd op basis fan dizze data: *'Ûngelokken mei jongeren'*, *'Tsjustere dagen, mear ûngelokken'*, *'It tal ferkearsdeaden wol net omleech'* en *'Ride ûnder ynfloed yn de feestdagen in probleem'*. Ek krije ûngelokkenkonsintraasjes hieltyd mear omtinken. In byld dat hieltyd dúdliker wurdt as gefolch fan de ferbettere ûngelokkenregistraasje.

### Ynformearje jo bestjoer maklik
Op 12 maart ferskynt de nije 'BLIQ' (blik op de wei mei tûke (IQ) data): in ferkearsfeiligensrapportaazje fan alle Nederlânske gemeenten, regio’s, provinsjes en plysje-ienheden mei de gegevens oer 2014 oant en mei 2017. Alle wegbehearders en de plysje krije harren 'eigen' BLIQ mei de wichtichste ûngelokkengegevens fan harren eigen wurkgebiet. De ûngelokkenrapportaazje jout ynsjoch yn de trend, wichtige skaaimerken as leeftyd, ferfierwize en wegbehearder, en yn de regio-ferzje is in benchmark tusken de gemeenten opnommen. Ek jout BLIQ de Top fan de VOC’s (VerkeersOngevallenConcentraties). De rapportaazje is bedoeld om it bestjoer op 'e tiid te ynformearjen en op dy wize ienfâldich lokaal omtinken te freegjen foar ferkearsfeiligens. De nasjonale oandacht foar ferkearsfeiligens ferskoot sa nei it lokale nivo en sil grif ek by de gemeenteriedsferkiezings oan bod komme.

### De folgjende stappen
**MobielSchadeMelden**
Yn de tredde wike fan maart ferskynt in folslein nije ferzje fan de MSM. It wurdt ûnder oare mooglik MSM op te nimmen yn apps fan fersekerders. Sa kin bygelyks foarôf it formulier al automatysk ynfolle wurde mei in protte gegevens. Dêrneist wurdt it mooglik de app mei 2 brûkers (belutsenen by it ûngelok) tagelyk te brûken en mei-inoar kommunisearje te litten. Mei dizze nije ûntwikkelings is de stap fan it papieren formulier nei in digitale registraasje in stik tichterby.

Om’t de fersekerders dit jier kampanje fiere sille foar de app, is de ferwachting dat it tal registraasjes fia dizze app tanimme sil. De gegevens út de nije MSM-app wurde dan ek dit jier opnommen yn de VIA Software.

### Ûngelokkendata yn beweging
De set beskikbere ûngelokkendata wurdt hieltyd wiidweidiger, mar ek komplekser. Net allinnich de gegevens fan de MSM wurde beskikber, mar ek dy fan wildoanridings of data út ambulânses. Dat is weardefolle ynformaasje dy’t jo net misse wolle.

Troch it groeiende tal gegevens is publikaasje ien kear yn ’t jier net mear genôch. Dat hat STAR dan ek ynkoarte. In oare konsekwinsje fan de feroarjende dataset is dat fergeliking mei âldere jierren (5 jier lyn of âlder) net mear opgiet. De hjoeddeiske sifers ferskille te folle yn oantal en ynhâld. VIA is der dan ek gjin foarstanner fan aktuele sifers mei âlde jierren te fergelykjen.

Oan ’e oare kant biedt de ferbettere ûngelokkenregistraasje in soad nije mooglikheden. Tink oan de keppeling tusken ûngelokken en dyk- en ferkearsskaaimerken lykas dykkategorisearring, rydsnelheden of bygelyks de EuroRAP-score (bygelyks: hoefolle ûngelokken fine plak op in 2-stjerrendyk?). Dizze nije tapassingen lizze hielendal yn de line fan de risikostjoerde oanpak yn it nije 'Strategisch Plan Verkeersveiligheid' fan de oerheid (sjoch [www.verkeersveiligheid2030.nl](http://www.verkeersveiligheid2030.nl)).

### Plysjeregistraasje
De plysje sil yn 2018, as ûnderdiel fan it 'MEOS-projekt', wurkje mei in app foar ûngelokkenregistraasje. Hjirmei wurdt op ’e nij in wichtige stap set yn de ûngelokkenregistraasje. Dizze app brûkt gps foar it bepalen fan de krekte lokaasje fan it ûngelok. Ek is de app tige geskikt foar it opbouwen fan in statistyske database en it krijen fan mear detailynformaasje.

### Konklúzje
De stappen dy’t wy no al set hawwe én de nije ûntwikkelings dy’t komme, sille derfoar soargje dat wy op de goede wei binne om it doel fan 200.000 detaillearre ûngelokkenregistraasjes yn 2020 te heljen.
