---
title: "Vakbeurs Mobiliteit tige slagge"
description: "Sa’n 2.200 professionals kamen byinoar om alles te witten te kommen oer de lêste trends en ûntwikkelingen op it mêd fan mobiliteit."
date: 2018-12-01
type: news
authors: ["Giedo Donkers"]
canonical: https://www.via.nl/nld/fy/artikels/vakbeurs-mobiliteit-tige-slagge
---

# Vakbeurs Mobiliteit tige slagge

> Sa’n 2.200 professionals kamen byinoar om alles te witten te kommen oer de lêste trends en ûntwikkelingen op it mêd fan mobiliteit.

“Jonge, dit is tof, sis!” In VIA-brûker en Hugo Coppen fan VIA steane oer in grut skerm bûgd. Hugo liet krekt de trajektrapportaazje oan de brûker sjen, dêr’t snelheden- en ûngelokkendata yn mei-inoar kombinearre wurde. Beursbesikers slinterje ynteressearre lâns de VIA Stand, dêr’t Erik, Giedo, Hugo, Jolijn en Lisette fan VIA oanwêzich binne om fragen te beantwurdzjen en in praatsje te meitsjen.

Woansdei 28 en tongersdei 29 novimber fûn de Vakbeurs Mobiliteit plak yn Houten. Sa’n 2.200 professionals út de ferkearswrâld kamen byinoar om alles te witten te kommen oer de lêste trends en ûntwikkelingen op it mêd fan mobiliteit. Spesjaal foar har brûkers wie VIA oanwêzich mei in stand, organisearre se 2 brûkersdagen en direkteur Erik Donkers fersoarge in lêzing oer CROSS, it nijste ynnovative ark fan VIA.

Tusken alle high-tech-auto’s, IT-oplossingen en banners fan oare standhâlders wisten de beursbesikers de wei nei de VIA Stand goed te finen. Wegbehearders fan ferskate gemeenten en provinsjes en plysjeminsken stelden fragen of joegen feedback oer de VIA Software. Der waarden ferfolchôfspraken makke, proefpersoanen foar de ymplemintaasje fan CROSS fûn en in protte kopkes kofje dronken. Besikers gongen nei hûs mei in kofjemok fan VIA, in persoanlike profylfoto foar harren VIA Account en de Quick Start mei de nijste funksjes fan de software.

De lêzing oer CROSS fan Erik Donkers wie mei 45 dielnimmers drok besocht. De metodyk efter CROSS en de tapassingen dêrfan waarden tige goed ûntfongen. In dielnimmer neamde it ‘in moai produkt, in ferrikking’. Hoewol’t de Brûkersdagen net sa drok besocht wiene as ferline jier, wie der in aardige groep entûsjaste dielnimmers oanwêzich. Goed om te hearren wie dat de nije funksjes yn de software, lykas de chatfunksje, al brûkt wurde en dat de reaksjes posityf binne.

Wy sjogge werom op 2 tige slagge beursdagen. Ferline jier lansearren wy tidens de Vakbeurs Mobiliteit de upgrade fan de software. Brûkers binne dêr sa entûsjast oer dat it gebrûk enoarm tanommen is. Dat entûsjasme seagen wy dit jier werom op de beursflier. 
Op in ûntspannen wize hawwe brûkers mei ús en mei-inoar prate kinnen, sadat der in gefoel ûntstie diel út te meitsjen fan de groeiende ‘community’ VIA. In community dêr’t wy inoar yn ynspirearje en dêr’t wy kennis yn diele. Om úteinlik tegearre de ferkearsfeiligens te fergrutsjen. En ja, de trajektrapportaazje is yndie in hiel tof ark.
