36 jier lyn begûn Erik Donkers mei ferkearsfeiligensburo VIA. Ûnder syn lieding feroare VIA fan advysburo yn in ferkearskundich ICT-bedriuw. Yntusken is VIA in betroubere en fêstige namme yn 'e ferkearsfeiligenswrâld, mei in grutte en noch hieltyd groeiende klantekring. Op 1 jannewaris 2020 joech Erik it direkteursstokje oer oan syn soan Giedo Donkers. Heit en soan oan it wurd oer dizze direksjewiksel.

Typysk famyljebedriuw

“Yn myn jeugd makke ik trije slimme ûngelokken fan tichtby mei. By ien rûn in klasgenoatsje fan my de skoalle út en kaam ûnder in auto telâne. It lûd ferjit ik nea wer.” Dy yngripende barrens soargen derfoar dat Erik in passy foar ferkearsfeiligens ûntwikkele. Nei syn ôfstudearjen oan de ferkearsakademy rjochte er VIA op. Syn gedrevenens wurke oanstekkerich: VIA is in echt famyljebedriuw wurden. Neist Giedo wurkje ek de frou (Marlies) en de dochter (Jolijn) fan Erik yn it bedriuw. Giedo begûn by VIA mei fakânsjewurk en lytse karweikes. Nei syn stúdzje Digitale Kommunikaasje gie er ûnder de wjukken fan Hugo Coppen (CTO) as IT’er by it famyljebedriuw oan 'e slach. Yntusken wurket er mear as 10 jier by VIA. Giedo learde sûnt dy tiid in protte by, net allinne op IT-mêd, mar ek oer ferkearskunde en ûndernimmerskip.

VIA-gefoel

It wie gjin automatisme dat it famyljebedriuw fan heit op soan oergean soe. Giedo: “Yn earste ynstânsje woe ik net by VIA wurkje. Ik woe earne oars ûnderfining opdwaan. It wie dus wis net altyd dúdlik dat ik myn heit as direkteur opfolgje soe.” Dochs sei Giedo 3 jier lyn ‘ja’ doe’t Erik him frege oft er it stokje oernimme woe. Erik woe mear tiid foar de bernsbern. Neffens Erik is Giedo de perfekte opfolger. “Hy is gedreven, hy wol dit hiel graach én hy hat it echte VIA-gefoel. Hy stiet der as it nedich is en stelt hege kwaliteitseasken, mar hy fynt it ek wichtich dat der in goede sfear op 'e wurkflier hearsket.” Giedo: “Ik sjoch hieltyd mear dat IT en ferkear in hiel moaie kombinaasje is, in útdaagjende en bewegende wrâld dêr’t kontinu wat bart. Boppedat wie it foar my de iennichste stap dy’t ik binnen VIA noch nimme koe. En dy stap woe ik sette. Ik sjoch kânsen wêr’t it bedriuw hinne groeie kin en hoe’t wy brûkers helpe kinne. En ik fyn it fijn dat Erik fertrouwen yn my hat.”

Lûdleaze oergong

Erik en Giedo brûkten de ôfrûne 3 jier om in mienskiplike missy en fyzje te meitsjen en dêrmei de kontinuïteit fan it bedriuw te wissigjen. Klanten en brûkers sille dêrom net direkt wat fernimme fan de direksjewiksel. It is de bedoeling dat VIA de kommende 20 oant 30 jier op deselde wize fierder giet. Fansels sil VIA wol meigean mei de hjoeddeiske ûntwikkelingen. Giedo: “Om’t boargers hieltyd mear easkje, moat ynformaasje daliks te krijen wêze. Wy mikke dus op fluggere en effisjintere software, dy’t de aktuele situaasje op strjitte yn byld bringt. Ek wolle wy fierder mei it betrouber kombinearjen fan ferskate datasets, sa’t wy mei CROSS dien hawwe. Mar VIA sil altyd de stabile spiler bliuwe dêr’t jo as oerheid op bouwe kinne.”

Manager nije styl

Op 'e wurkflier is de direksjewiksel wol te merken. Hoewol’t heit en soan wat karakter oanbelanget net safolle fan inoar ferskille, is Giedo folle mear IT-dreaun en in echte manager fan dizze tiid. Hy fynt teamwurk wichtich en hat in jier lang persoanlike coaching hân om him ek as manager fierder te ûntwikkeljen. “Ik haw leard hoe’t ik as persoan bin en hoe’t ik mei bepaalde situaasjes omgean moat. Om earlik en iepen te wêzen. Ik sjoch mysels as de oanfierder dy’t meispilet mei it team, ynstee fan de coach dy’t by de sydline stiet. Ik hoopje dat it bedriuw troch dizze ynterne oanpak effisjinter wurdt en fierder groeit.” Hy laket: “De coaching wurke trouwens ek thús troch, yn de omgong mei myn frou en bern.” Erik fynt de fernijde oanpak fan Giedo in positive kear: “Giedo is fansels ek in stik jonger. Hy is in echte frisse wyn en dat is goed.”

Goede formule

Erik giet VIA foarearst net ferlitte. De kommende tiid hâldt er him dwaande mei de ‘krinten út 'e brij’, sa’t er dat sels neamt. Hy sil as klankboerd foar Giedo fungearje, sil tegearre mei Hugo research & development dwaan, data science ynsette en syn oriïntaasje fierder op it bûtenlân rjochtsje. Erik: “Ik winskje Giedo ta dat er syn wurk mei foldwaning en wille dwaan sil. Der stiet in goede formule en wy hawwe in moai team. Ik haw alle fertrouwen yn 'e takomst.” Giedo: “Ik fyn it superleuk dat ik wurk dwaan kin dêr’t ik bliid fan wurd. Ik haw it gelok dat ik it sa goed fine kin mei myn famylje. Ik haw der hiel bot nocht oan.”