Alle ferkearsûngelokken registrearje. Dat is it stribjen fan de plysje, it Verbond van Verzekeraars en ferkearskundich ICT-buro VIA. Fan de hjerst fan 2013 ôf wurkje dizze organisaasjes , tegearre mei in brede stakeholdersgroep, ûnder de namme STAR (Smart Traffic Accident Reporting) gear oan it realisearjen fan dit doel. Hjirfoar sil de SchadeMelden app fernijd wurde, wêrtroch’t ûngelokbelutsenen neist it melden fan de skea by de fersekerder ek direkt it ûngelok registrearje. De app wurdt it tredde kwartaal fan 2014 yn gebrûk naam.
De ferkearsûngelokkeregistraasje yn Nederlân hat te lijen fan in grutte ûnderregistraasje. De suksesfolle Nederlânske oanpak fan ferkearsfeiligens komt yn gefaar as goede ûngelokkesifers útbliuwe. Beliedsmonitoring, analyzes en evaluaasjes binne hieltyd minder mooglik. It maatskiplik belang om de ûngelokkeregistraasje op koarte termyn te ferbetterjen is grut. Dêrom slaan de plysje, it Verbond van Verzekeraars en VIA de hannen ynien. Binnen it STAR projekt leit de fokus op de hiele keten: ‘ûngelok> registraasje > analyze’. De plysje moat soargje foar in degelike ûngelokkeregistraasje en foar it bieden fan de winske stipe oan belutsenen by ferkearsûngelokken. Sa is de plysje begûn mei de ferbettere ûngelokkeregistraasje: Kenmerkenmelding Plus. In stap dy’t foardiel bringt foar de kwaliteit fan de ûngelokkedatabase foar ferkearsfeiligens en foar it flugger beskikber kommen fan gegevens. It Verbond van Verzekeraars stribbet nei soarchfâldige help oan slachtoffers en effisjinte ôfhanneling fan de skea. Dêrby wol it ferbûn it fyftich jier âlde Europeeske Skeaformulier ferfange troch in digitale ferzje, MobielSchademelden. Dizze applikaasje sil it kommende jier geskikt makke wurde foar it nije skeamelden, wêrby’t de gegevenssammeling ferbrede wurdt. VIA stribbet dernei om de gegevens oer de ferkearsfeiligens foar oerheden ynsichtlik te meitsjen. Yn dy missy wurket VIA al lange tiid gear mei in protte ferskillende partners yn de feiligensmerk om kwalitatyf goede data te sammeljen en yn te setten fia in fernijde wurkwize. Op dy manier krije oerheden op 'e nij de mooglikheid om stevich grip te krijen op ferkearsfeiligens. Sjoen it maatskiplike belang fan in goede ûngelokkeregistraasje is der keazen foar it gearstallen fan in brede fertsjintwurdiging yn in ‘Stakeholdersgroep’. Op it NVVC sil dizze groep bekend makke wurde en sil der mienskiplik in ‘Safety Deal’ ûndertekene wurde.
Mobyl melde, mei of sûnder smartphone.
Yn de nije situaasje binne de ûngelokbelutsenen primêr ferantwurdlik foar de administrative ôfhanneling fan it ferkearsûngelok. Dat jildt net allinne foar de motorfiertúchfersekering, mar ek foar de WA- fersekering (bgl. fytsers) en de soarchfersekering (ôfdekken eigen risiko). De ûngelokbelutsenen hawwe in direkt belang by in korrekte en flotte ôfhanneling fan de skea troch de fersekerder. De fragelist sil ‘smart’ wêze, sadat de ûngelokbelutsenen allinne om relevante ynformaasje frege wurde. Sa kin bygelyks om it manoeuvrediagram frege wurde, wat wichtige ynformaasje foar de dykbehearder opleveret. Der sil safolle mooglik gebrûk makke wurde fan automatyske bestânskeppelingen, lykas ynformaasje dy’t de smartphone jaan kin oer de krekte lokaasje en de waarsomstannichheden.
MobielSchademelden
It mienskiplike stribjen is om fia de fernijde MobielSchademelden app 100% fan de ferkearsûngelokken te registrearjen. Dêrneist wurdt in fluggere reaksje mooglik makke, om’t de data ‘real time’ beskikber komt yn ViaStat foar oerheden en wittenskiplik ûndersyk. Oan de ein fan it jier wurdt de database ôfsletten, wêrnei’t de ynformaasje út de database publisearre wurde sil. Ek wurdt, troch it sammeljen fan in kompleter byld, in spesifiker oanpak mooglik. Dêrby spylje de ûngelokbelutsenen en harren smartphone in krusjale rol. Nederlân telt op it stuit 8 miljoen smartphones, wêrtroch’t de kâns grut is dat de belutsene by in ûngelok yn steat is de ûngelokkeregistraasje fia MobielSchademelden ôf te hanneljen. Dizze kâns is noch grutter as der twa partijen by it ûngelok belutsen binne. Foar de registraasje fia MobielSchademelden hoecht mar ien partij in smartphone te hawwen. Yn it proses fan ôfhanneling is rekken holden mei ferskillende senario’s.








