It oantal ferkearsûngelokken dêr’t alkohol in rol by spilet, pykt yn it wykein foar Kryst en de jierwiksel. Rûn it fieren fan Sinteklaas en ek yn de krystdagen sels bliuwe pyken út.

Dat docht bliken út in analyze fan it STAR-inisjatyf (Smart Traffic Accident Reporting) fan Plysje, Verbond van Verzekeraars en ferkearskundich ict-buro VIA. De partijen analysearren de ynsidinten dy’t plakfine yn de sân wykeinen oant de Kryst en de fjouwer wykeinen nei Âld & Nij. Dêrby makken se gebrûk fan ferkearsûngelokkendata fan de plysje fan 2014 oant en mei 2016. Plysje en fersekerders roppe elkenien dy’t noch ride moat op om rûn de feestdagen de drank stean te litten. Sa kin de lêste wike fan it jier foar elkenien in feest bliuwe.

Jierwiksel en wykein foar Kryst útsjitters

It oantal alkoholûngelokken yn de jierwiksel leit 29 prosint heger as op in gemiddelde wykeindei. Dat komt del op leafst 45 ûngelokken dêr’t alkohol by yn it spul wie op sawol âldjiers- as nijjiersdei. Gemiddeld falle op beide dagen 15 ‘alkoholslachtoffers’ yn it ferkear, sawol deaden as (slim) ferwûnen. Ek yn it wykein foar Kryst blike gemiddeld mear bestjoerders mei in slok tefolle op efter it stjoer te krûpen. It persintaazje ûngelokken mei alkohol leit dan 21 prosint heger. Dat komt op de freed, sneon en snein gemiddeld del op 42 ûngelokken en 13 slachtoffers op elk fan dy dagen troch drank yn it ferkear.

Manlju risikogroep

De analyze makket dúdlik dat de alkoholûngelokken rûn de Kryst foaral plakhawwe oan it begjin fan de nacht, krekt nei tolven. Yn Âld & Nij barre de measte alkoholrelatearre ûngelokken yn de (iere) moarn, tusken 4.00 en 9.00 oere. Opfallend is dat by alle ûngelokken dêr’t drank by yn it spul wie manlju folle faker belutsen binne as froulju (81 om 19 prosint). Rûn Kryst is dat ferskil mei respektivelik 76 en 24 prosint wat lytser, mar noch altyd grut. De measte alkoholûngelokken binne iensidige oanridingen.

Altyd registrearjen fan alle ûngelokken: brûk MobielSchadeMelden.nl

Goede ûngelokkesifers binne krúsjaal om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen – en Nederlân wer werom te bringen yn de top trije fan ferkearsfeilige lannen (no in njoggende plak op de wrâldranglist). Dizze analyze is makke op basis fan de beskikbere plysjeregistraasjes. Yn werklikheid fine mear ûngelokken plak, sawol mei auto’s as mei fytsers en fuotgongers. It doel fan STAR is simpel: it registrearjen fan álle ferkearsûngelokken. Dêrom roppe de inisjatyfnimmers elkenien op om fia MobielSchadeMelden.nl ûngelokken te melden, om sa op maklike wize de fersekerder te ynformearjen en gemeenten, provinsjes en Rijkswaterstaat te helpen de ferkearsfeiligens te fergrutsjen.

Oer STAR

Plysje, Verbond van Verzekeraars en VIA binne de inisjatyfnimmers fan it STAR-projekt (Smart Traffic Accident Reporting) dat in ein meitsje moat oan de ûnderregistraasje fan ûngelokken. It STAR-projekt krijt stipe fan tsien belanghawwende organisaasjes: Rijkswaterstaat, it Interprovinciaal Overleg, Vereniging van Nederlandse Gemeenten, it ministerie van Infrastructuur en Milieu, Stichting Wetenschappelijk Onderzoek Verkeersveiligheid, VeiligheidNL, Koninklijke Nederlandse Toeristenbond ANWB, Fietsersbond, TeamAlert en Veilig Verkeer Nederland.

Factsheet: Riden ûnder ynfloed yn de feestdagen in probleem