Leit it tal slachtoffers (deade en ferwûne motorriders) yn de wintermoannen op 10 per wykein, fan maart ôf stiget dat nei sa’n 40, mei in pyk yn juny fan leafst 50 motorslachtoffers per wykein. Dit wykein krûpt it kwik wer rjochting de 20 graden. Reden foar motorleafhawwers om de dyk op te gean, mar alertens is dus fereaske.

Dat docht bliken út in analyze fan it STAR-inisjatyf (Smart Traffic Accident Reporting) fan Plysje, Verbond van Verzekeraars en ferkearskundich ict-buro VIA, dêr’t ferkearsûngelokkedata fan de plysje fan 2014 oant en mei it earste kwartaal fan 2018 foar brûkt binne. Plysje en fersekerders roppe motorriders – en benammen dyjingen dy’t de motor moannen lang net brûkt hawwe – op om har bewust te wêzen fan it ekstra risiko dat se op de earste maitiidsdagen rinne, en foarsichtich te riden.

Mear ûngelokken yn it wykein as troch de wike

Yn de ûndersyksperioade 2014 oant en mei 2017 falle der yn de wykeinen gemiddeld mear slachtoffers (34%) as op dagen troch de wike. Yn maart en april falle der yn de wykeinen sels bot mear slachtoffers as troch de wike (yn april gemiddeld sels 73% mear). Dit opfallende ferskil is it gefolch fan it begjin fan it motorseizoen: de motorrider giet yn it wykein wer op paad en moat wer wenne oan syn of har fiertúch. It oare dykferkear moat wenne oan it feit dat der wer mear motorriders op 'e dyk binne. Yn maaie en juny falle der yn absolute oantallen ek in protte slachtoffers (yn juny sels de measte), mar is it ferskil tusken wurk- en wykeindagen lytser.

Jongerein en motorriders fan middelbere leeftyd it faakst slachtoffer

Foar de analyze is ek sjoen nei slachtoffergroepen en ûngelokomstannichheden. Út de data docht bliken dat de measte slachtoffers falle yn de leeftydskategoryen 24 oant en mei 29 jier en 46 oant en mei 57 jier. De measte deadlike slachtoffers binne it gefolch fan in ûngelok mei in fêst objekt (34%), wylst de motorriders dy’t ferwûne rekken krekt faak belutsen wiene by in flankbotsing (42%). De measte ferwûnen falle op de diken mei 50 kilometer yn 'e oere; deadlike motorslachtoffers binne benammen te betreurjen op de diken mei 60 en 80 kilometer yn 'e oere.

Altyd registrearje fan alle ûngelokken: brûk MobielSchadeMelden.nl

Goede ûngelokkesifers binne krúsjaal om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen – en Nederlân wer werom te bringen yn de top trije fan ferkearsfeilige lannen (no in njoggende plak op de wrâldranglist). Dizze analyze is makke op basis fan de beskikbere plysjeregistraasjes. Yn werklikheid fine mear ûngelokken plak, sawol mei auto’s as mei fytsers en fuotgongers. It doel fan STAR is simpel: it registrearjen fan álle ferkearsûngelokken. Dêrom roppe de inisjatyfnimmers elkenien op om fia MobielSchadeMelden.nl ûngelokken te melden, om sa op in maklike wize de fersekerder te ynformearjen en gemeenten, provinsjes en Rijkswaterstaat te helpen de ferkearsfeiligens te fergrutsjen.

Factsheet: Moai waar op komst, motorriders opletten