De ferkearsfeiligens yn Nederlân stiet yn 'e belangstelling. It tal ferkearsdeaden en –ferwûnen lit yn 2018 op 'e nij in stiging sjen. Wy sjogge in mear ferskaat ferkearsbyld troch nije soarten fiertugen, en ôflieding foarmet in hieltyd grutter gefaar op ús diken. In pro-aktive en yntegrale oanpak is wichtich om grip te hâlden op de ferkearsfeiligens.
Ferkearskundich ICT-buro VIA hat yn opdracht fan STAR in ûndersyk útfierd om risikostjoerd wurkje te kinnen. STAR is in gearwurking fan plysje, fersekerders en VIA mei as doel de ûngelokkeregistraasje en de ferkearsfeiligensynformaasje te ferbetterjen. Yn kaart brocht is hokker faktoaren fan ynfloed binne op de ferkearsûnfeiligens. Der is net allinne sjoen nei ûngelokkekonsintraasjes, mar ek nei de riden snelheden út it eachpunt fan ynformaasjestjoerde hanthavening.
It resultaat fan it ûndersyk makket it mooglik de trajekten fan it drokste dykenet fan Nederlân te prioritearjen fia in lanlike, regionale en lokale top 10 fan ûnfeilige trajekten op basis fan ûngelokke- én snelheidsskoare. Ek makket it ûndersyk dúdlik dat snelheid net it grutste probleem foarmet. Opmerklik is dat op trajekten mei in hege ûngelokkeskoare, dêr’t snelheid net it grutste probleem foarmet, ferhâldingsgewiis mear slachtoffers falle. Dat binne benammen de 50-diken binnen de beboude kom, folge troch 80-diken. De ynfrastruktuer yn relaasje ta it gebrûk fan de dyk foarmet sadwaande in wichtige faktor foar de ferkearsfeiligens op dizze diken. Neist it ynformearjen oer ferkearsfeiligens en it hanthavenjen op snelheid troch de plysje, is mei troch dit rapport ynsichtlik makke wêr’t ferbetterings troch te fieren binne yn ús dykenet. It resultaat is as ynteraktive kaart fan de drokste diken fan Nederlân te finen op de STAR-webside www.star-verkeersongevallen.nl.
Altyd registrearje fan alle ûngelokken: brûk MobielSchadeMelden.nl
Goede ûngelokkesifers binne krúsjaal om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen. Dizze analyze is makke op basis fan de beskikbere plysjeregistraasjes. Yn werklikheid fine mear ûngelokken plak, sawol mei auto’s as mei fytsers en fuotgongers. It doel fan STAR is simpel: it registrearjen fan álle ferkearsûngelokken. Dêrom roppe de inisjatyfnimmers elkenien op om fia MobielSchadeMelden.nl ûngelokken te melden, om sa op in maklike wize de fersekerder te ynformearjen en gemeenten, provinsjes en Rijkswaterstaat te helpen de ferkearsfeiligens te fergrutsjen.








