Tidens it NVVC yn Den Bosch op 24 april ôfrûne is de STAR Safety Deal ûndertekene. In wichtige stap dy’t it doel fan de plysje, it Verbond van Verzekeraars en VIA om alle ûngelokken te registrearjen wer tichterby brocht hat. Mar leafst acht belanghawwende organisaasjes tekenen de Safety Deal. Tiid om ús te rjochtsjen op de kânsen dy’t STAR ús biede sil om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen.
STAR, Smart Traffic Accident Reporting, de namme seit it al, rjochtet him op in tûke manier fan ûngelokkegegevens sammeljen. Fansels mei as haaddoel it ferbetterjen fan de ferkearsfeiligens. Dêrom is binnen STAR eksplisyt sjoen nei de keten ‘ûngelok > registraasje > analyze’. Ûngelokkeregistraasje begjint by de boarne: it ûngelok sels op de krekte lokaasje. Om alle ûngelokken te registrearjen wurde de gegevens fan de plysje en fan alle fersekerders gearfoege. Foar beide situaasjes jildt dat de ynspanning fan de registraasje beheind wêze moat. Foar de belutsenen is ‘registraasje’ op himsels gjin doel, mar in needsaaklike bykomstigens. Dêrom rjochtet STAR him op grutte oantallen real time registraasjes mei in beheinde set gegevens fan goede kwaliteit.
VIA stiet oan de lat om mei tûke digitale keppelingen de beheinde set ûngelokkenmerken kompleter te meitsjen. Tink dêrby oan waargegevens, geografyske gegevens of dykwurksumheden, mar op termyn ek ynformaasje út sosjale media. Dizze nije oanpak biedt in stabile en betroubere registraasje en dêrtroch nije kânsen by it ynsichtlik meitsjen fan ferkearsfeiligens. Dit artikel jout in trochsjoch nei de mooglikheden op koarte termyn.
Sinjaalfunksje
Foar it earst yn 'e skiednis krije wy yn Nederlân in real time ûngelokkebestân. Dat wol sizze dat binnen in pear oeren nei’t it ûngelok plakfûn hat de earste gegevens al beskikber komme. Dat biedt nije kânsen. Yn it ferline hat in goed ynsjoch yn de ûngelokken Nederlân motivearre de ûnfeiligens effektyf oan te pakken. Krekt dizze sinjaalfunksje wolle wy as earste wapen ynsette. Fan maaie 2014 ôf komt in folslein nij ûnderdiel fan ViaStat beskikber dat helpt de ynformaasje út de sinjaalfunksje real time ynsichtlik te meitsjen foar beslútmakkers. Dizze nije tapassing ViaStat Signaal jout op in ienfâldige wize de meast aktuele sifers wer. De basis is de ûngelokkekaart dêr’t de brûker op ynzoome kin en direkt ynsjoch hat yn ûnfeilige lokaasjes, rûtes en gebieten. Oan de side fan it skerm jouwe grafiken ynsjoch yn hokker soarten ûngelokken it meast foarkomme. Troch op it kenmerk of in kombinaasje fan kenmerken te klikken, bygelyks ferfiermiddel: auto en leeftyd: 25 oant en mei 39, wurde dizze ûngelokken selektearre en op de kaart ôfbylde. Troch ViaStat Signaal sa ienfâldich yn it gebrûk te hâlden, kin elkenien der mei wurkje en wurdt it effekt fan it sinjaal fersterke.
Altyd en oeral beskikber
De nije software fan VIA wurdt sa ûntwikkele dat er op elk apparaat (pc, tablet en smartphone) mei ynternet wurket en ienfâldich te betsjinjen is. Dat makket ViaStat Signaal geskikt foar bygelyks de Ferkearskommisje of it Trijehoeksoerlis. Oerlizzen dêr’t wethâlders, riedsleden of plysjestêf allegear oer krekt deselde ynformaasje beskikke. Boppedat komt de mooglikheid beskikber om de sinjaalfunksje nei eigen ynsjoch yn te stellen: hokker ynformaasje (bgl. deadlik ûngelok) moat wannear (bgl. Direkt) meld wurde.
Benchmark & prognoaze
It real time, betrouber en mei genôch omfang beskikber kommen fan de ûngelokkegegevens makket it mooglik beslútmakkers te stypjen mei in benchmark, wêrtroch’t oandachtspunten makliker te werkennen binne. Tink dêrby oan in fergeliking fan de oantallen fytsûngelokken op gemeentlik nivo yn ferliking mei referinsjegemeenten. It real time folgjen fan de gegevens makket it mooglik fluch yn te springen op ûntwikkelingen. Om hjir noch mear ynsjoch yn te jaan, helpt in prognoaze fan it ferwachte jiertotaal. Dat biedt nije kânsen om ferkearsfeiligens mear prioriteit op 'e (politike) aginda te jaan, mei as doel in belied basearre op feiten en in rjochte oanpak.








