No’t de simmerfakânsje yn folle gong is, is STAR op 'e nij yn de ûngelokkesifers dûkt. Dêrút docht bliken dat it oantal ferkearsslachtoffers ûnder e-bikers hurder stiget as ûnder fytsers.
Healwei septimber ferline jier die út de STAR-sifers al bliken dat de e-bike yn opkomst wie wat de ferkearsdeaden oanbelanget. Benammen de âldere ferkearsdielnimmers sprongen der doe út.
Yn dit ûndersyk is in fergeliking makke tusken ferkearsslachtoffers foar ferskillende typen fytsen. Dus de gewoane fyts, e-bike, brommer en snorfyts. Dêrút komt nei foaren dat it grutste oandiel ferkearsslachtoffers ûnder e-bikers yn in hegere leeftydsklasse falt (fan 45-50 jier ôf). De gewoane fyts, brommer en snorfyts litte krekt in delgong sjen yn it oantal ferkearsslachtoffers fan 50 jier ôf. Der is lykwols wol in oandachtspunt, want by de e-bikers is in lichte pyk fan it oantal ferkearsslachtoffers te sjen om 16 jier hinne. Dêrmei liket de e-bike him, wat ferkearsslachtoffers oanbelanget, oan te sluten by de grutte pyk by de brommer en snorfyts fan 16 jier ôf en de fyts fan 12 jier ôf.
Opmerklik yn it hjoeddeistige ûndersyk is dat der, as jo nei de ferdieling man-frou sjogge, ûnder e-bikers in oar slachtofferpatroan te sjen is. Froulju binne opfallend faker slachtoffer. Nammentlik 60% fan de ûngelokken mei in e-bike giet oer in frou. Wylst by oare fytstypen (brommer, snorfyts) krekt de manlju de mearderheid fan de slachtoffers foarmje. By brommerûngelokken is bygelyks 70% in man. De ûngelokkesifers litte ek sjen dat froulju op jongere leeftyd de kar meitsje foar in e-bike en dan ek mear fytse geane as de manlju.
As jo nei de ûngelokkelokaasjes sjogge, falt op dat rotondes en trijetakskrusingen in grutter risiko foarmje foar ûngelokken mei de e-bike. 78% fan de slachtoffers ûnder e-bikers falt binnen de beboude kom.
Altyd alle ûngelokken registrearje: brûk MobielSchadeMelden.nl
Goede ûngelokkesifers binne krusjaal om de ferkearsfeiligens te ferbetterjen – en Nederlân wer werom te bringen yn de top trije fan ferkearsfeilige lannen (no in fyfde plak op de wrâldranglist). Dizze analyze is makke op basis fan de beskikbere plysjeregistraasjes. Yn werklikheid barre der mear ûngelokken, sawol mei auto’s as mei fytsers en fuotgongers. It doel fan STAR is simpel: it registrearjen fan álle ferkearsûngelokken. Dêrom roppe de inisjatyfnimmers elkenien op om fia MobielSchadeMelden.nl ûngelokken te melden, om sa op in maklike wize de fersekerder te ynformearjen en gemeenten, provinsjes en Rijkswaterstaat te helpen de ferkearsfeiligens te fergrutsjen.








