Yn 2008 hawwe it Ryk, de provinsjes, de gemeenten en de wetterskippen in mienskiplike doelstelling foar ferkearsfeiligens fêststeld: yn 2020 is it oantal deaden weromdrongen ta maksimaal 500 en it oantal sikehûsferwûnen ta maksimaal 10.600. Om de doelstelling te heljen, is in mienskiplike ynspanning nedich.
Desintralisaasje
Sûnt de Nota Mobiliteit yn 2004 wurdt ynset op in desintrale oanpak fan de ferkearsfeiligens ûnder it motto “Sintraal wat sintraal moat, desintraal wat desintraal kin”. Desintrale oerheden kinne faak better as de rykstoerheid ynspylje op de lokale situaasje en oplossingen op maat biede. Ek de SVIR (Structuurvisie Infrastructuur en Ruimte fan it ministearje fan Infrastructuur en Ruimte) set de line fan desintralisaasje troch en neamt ferkearsfeiligens as ien fan de prioriteiten.
Registraasje op oarder
Nei in perioade fan ûnderregistraasje is de registraasjegraad fan ûngelokken sûnt 2014 wer werom op de âlde oantallen. De registraasjegraad sil troch it STAR-inisjatyf noch fierder ferbetterje en nei ferwachting sels better wurde as ea. It STAR-inisjatyf is unyk yn 'e wrâld.
1. Belied ûnderbouwe mei histoaryske data
Om in lokale oanpak op maat wiermeitsje te kinnen, binne goede ûngelokkegegevens ûnmisber. Mei goed sicht op ûngelokken út it ferline is it mooglik om werhelling fan fergelykbere ûngelokken doelrjochte tsjin te gean. It is dêrmei mooglik om de krekte prioriteiten te stellen yn belied en om de krekte maatregels te kiezen. Betroubere gegevens jouwe dêrneist in goed byld fan de resultaten dy’t mei it fierde belied helle binne. Frijwol alle wegbehearders en de plysje hawwe, mei in abonnemint op VIA Statistiek, tagong ta de fêststelde, histoaryske ûngelokkegegevens (it BRON-bestân).
2. Snelheid as yndikator
It is mooglik dit abonnemint út te wreidzjen mei aktuele data oer snelheid (Traffic Analytics); dit binne gegevens fan HERE. Snelheden binne in wichtige ferklearjende faktor én in sinjaal fan takomstige ûnfeiligens. Koartsein: histoaryske data binne de basis foar it formulearjen en monitoarjen fan belied. De histoaryske data oer ûngelokken kinne as winske útwreide wurde mei aktuele data oer snelheden.
3. Belied bystjoere en aktuele problemen oanpakke
Histoaryske ûngelokkedata komme pas beskikber nei de jierlikse fêststelling troch it ministearje fan I&M. Deadlike ûngelokken komme dêrtroch nei 4-16 moanne en de oare ûngelokken nei 9-21 moanne beskikber as histoaryske data. Troch dy fertraging binne de data faak net te brûken foar it trochtaastend bystjoeren fan belied en it oplossen fan aktuele problemen. Om dit probleem op te fangen, binne neist histoaryske no ek aktuele ûngelokkedata beskikber. De troch de plysje registrearre ûngelokken binne hast real time foarhannen. In oar foardiel is dat, oanfoljend op de plysjegegevens, fan novimber 2015 ôf ek de meldingen fan ûngelokken by fersekerders opnommen binne yn dizze aktuele data. Sjoch ek www.verkeerskunde.nl/star
It is mooglik it basisabonnemint mei histoaryske data yn VIA Statistiek út te wreidzjen mei in abonnemint mei aktuele data. Aktuele data wurde tagonklik makke mei VIA Signaal en ûnderdielen fan de VIA Monitor. Mei de VIA Monitor wurde tiidrigen werjûn, wêrtroch’t de needsaak om te hanneljen maklik bewekke wurde kin. Mei VIA Signaal is it mooglik om binnen in pear minuten problemen te werkennen en de oarsaak fan de problemen te dúdzjen. Hjirmei kin it behearsgebiet kontinu bewekke wurde en kin der by feroaring fluch reagearre of bystjoerd wurde. Koartsein: hâlders fan dit abonnemint kinne folle flugger reagearje op ûntwikkelings en problemen.
Ferkearsûnfeiligens hoecht gjin ferrassing mear te wêzen
De registraasje fan ûngelokken is no al werom op it âlde nivo fan 2009 en sil de kommende jierren noch fierder ferbetterje. Troch in hegere registraasjegraad en bettere, aktuelere gegevens ûntstiet in detaillearre byld fan de ûnfeiligens en de oarsaken dêrfan. Ferkearsûngelokken hoege dus gjin ûnnoflike ferrassing te wêzen foar de wegbehearder en de plysje. Mei de feitlike arguminten yn hannen kinne doelrjochte karren makke en ferantwurde wurde.








