Ûngelokken foarkomme yn stee fan genêze. Dat wol elkenien, mar hoe dogge jo dat? Hoe bepale jo risikolokaasjes en wêr begjinne jo mei it nimmen fan maatregels? VIA helpt jo. Wy hawwe in unyk, ynnovatyf ark ûntwikkele om lokaasjes te prioritearjen om sa ûngelokken yn de takomst te foarkommen: CROSS. CROSS prioritearret trajekten op basis fan rydsnelheden. Snelheid is nammentlik in wichtige ferklearjende fariabele foar ûnfeiligens.

Snelheid as oarsaak fan ûngelokken

Mei STAR set VIA him tegearre mei de plysje en it Verbond van Verzekeraars yn om de registraasjegraad fan ferkearsûngelokken te ferheegjen. En mei sukses. It Ministerie van I&M befêstiget dat de registraasje yntusken wer op it nivo is om analyses út te fieren foar beliedsfoarming. As wy lykwols állinne nei de ûngelokken sjogge, beheine wy ús ta reaktyf belied: neidat der ûngelokken bard binne, komme wy mei maatregels. Hoe kinne wy de ûngelokkesifers brûke foar proaktyf belied: it nimmen fan preventive maatregels? Dat kin as de ûngelokkesifers kombinearre wurde mei de snelheidsgegevens. De oarsaak fan ûngelokken witte wy faak net, mar dat snelheid in grutte faktor wêze kin op de earnst fan it ûngelok is dúdlik. Hoe grutter de oerskriding fan de snelheidslimyt, hoe grutter it risiko op in ûngelok én it risiko op in slimme ôfrin. CROSS kombinearret dêrom it snelheidsrisiko (proaktyf) fan in bepaald trajekt mei it ûngelokrisiko (reaktyf).

Kombinaasje snelheids- en ûngelokrisiko

VIA brûkt har jierrenlange ferkearskundige én IT-kennis om in kaart te meitsjen dy’t sa brûkber is dat er in basis leit by it meitsjen fan risikostjoerd belied. Sy ûntwikkele in ferkearskundich betroubere metoade mei yntelliginte geografyske keppelingen om de kaart mei krekte ûngelokkelokaasjes (‘puntsjes’) te kombinearjen mei de kaart mei snelheidstrajekten (‘linen’). Dizze metodyk brûkte VIA al by it gearstallen fan de trajekten top 10 yn BLIQ. Dizze kennis hat se útwreide en tapast by CROSS.

De CROSS-kaart oardenet trajekten yn 4 oersichtlike prioriteits¬klassen (read, oranje, giel en grien). Dizze prioritearring bart op basis fan it snelheidsrisiko en ûngelokrisiko per trajekt. VIA brûkt Floating Car Data (FCD) fan HERE foar it bepalen fan de snelheidsrisiko’s. FCD binne aktueel, werklik mjitten (dus net ôflaat fan oare data), foldogge oan in hege confidence-score en binne represintatyf troch it grutte ferskaat oan ferkears¬dielnimmers. It ûngelokrisiko berekkenje wy oan de hân fan de STAR Database mei plysjeregistraasjes. Wy berekkenje de ferkearsprestaasje: it oantal auto’s x de lingte fan it dykfak (vtgkm). Fierder binne allinne ûngelokken meinommen mei op syn minst 1 motorfiertúch én dêr’t wy de krekte lokaasje fan witte.

Prioriteiten yn 1 kaart

Elk trajekt krijt in prioritearring en in kleur op basis fan de prioriteitematriks. De kleur is sichtber op de kaart. Op dy manier is daliks te sjen hokker trajekt omtinken nedich hat. Yn de BLIQ-rapportaazje nimme wy de top 10 trajekten op ynklusyf CROSS-kaart.

Yn de software sil ek in CROSS-monitor te rieplachtsjen wêze. De snelheden- en ûngelokkendata binne aktueel, sadat dy periodyk monitore wurde kinne. De monitor is in grafyk mei foar elk wurkgebiet it oantal kilometer dyklingte per snelheidslimyt foar elke prioriteitsklasse.

De CROSS-kaart helpt jo op wei mei it meitsjen fan konkreet belied troch in oanpakrjochting te jaan foar elke prioriteitsklasse. Boppedat kinne jo detailynformaasje opfreegje troch yn de kaart op in trajekt te klikken. Alle data dy’t brûkt binne, binne beskikber, ynklusyf it krekte plak fan it trajekt yn de prioriteitematriks. De krekte lokaasje fan it ‘wite puntsje’ yn de matriks seit boppedat wat oer de prioriteit fan it trajekt. Sa hat in trajekt mei it wite puntsje rjochtsboppe yn it reade flak mear prioriteit as in trajekt mei it wite puntsje linksûnder yn it reade flak.

Prioriteit Betsjutting Oanpakrjochting
Read Heech snelheidsrisiko en in heech ûngelokrisiko In snelheidsmaatregel is nedich, bygelyks op basis fan de metoade Veilige Snelheden en Geloofwaardige Snelheidslimieten (VSGS).
Oranje Heech snelheidsrisiko en in leech ûngelokrisiko Ûndersykje de snelheidssituaasje en nim eventueel in preventive maatregel
Giel Leech snelheidsrisiko en in heech ûngelokrisiko It advys is om in ûngelokkestúdzje út te fieren
Grien Leech snelheidsrisiko en in leech ûngelokrisiko Der is net daliks in maatregel fereaske

Kosten en beskikberens

Jo kinne de CROSS-kaart (ynklusyf de ûngelok- en snelheidsrisikokaart) yn de maitiid fan 2019 ferwachtsje yn de software, mits jo in Snelheden-abonnemint hawwe. De CROSS-trajekten-top-10 sil yn BLIQ foar elkenien te rieplachtsjen wêze. De priis fan it snelhedenabonnemint bliuwt itselde.

CROSS past hielendal yn it hjoeddeistige ferkearsfeiligensbelied mei in risikostjoerde oanpak. Mei dit ynnovative ark kinne jo proaktyf belied meitsje en preventive maatregels nimme. Soargje dat jo up-to-date bliuwe (bygelyks fia de e-mail dy’t wy periodyk ferstjoere oan ús brûkers mei in persoanlike update) en dat jo CROSS rieplachtsje kinne yn de maitiid fan 2019. Wolle jo mear ynformaasje, nim dan kontakt mei ús op. Brûkers kinne ús berikke fia de Helpdesk-chat, mar wy binne ek gewoan fia e-mail (info@via.nl) of telefoan (073-6579115) te berikken.